2 Henoch

2 Henoch
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun begjin jiertelling (?)

2 Henoch, ek wol bekend as Henoch (Tsjerkeslavysk) of Geheimen fan Henoch, is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. Ornaris wurdt tocht dat it fan joadske oarsprong wêze moat, mar in minderheid fan 'e bibelwittenskippers sjocht it as in ier-kristlike tekst. Yn 'e regel wurdt it datearre yn 'e earste iuw; inkelen wolle hawwe dat it fan letter datum is. 2 Henoch moat net betize wurde de grutdiels ûnbesibbe geskriften Henoch of 1 Henoch en 3 Henoch. Neffens de tekst fan 2 Henoch soe de skriuwer de bibelske persoan Henoch wêze, de oerpake fan Noäch, dy't yn Genesis 5:21-24 neamd wurdt, mar dat is in pseudepigrafyske taskriuwing, en de wiere auteur is anonym.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search