Archeology

Opgravings yn Amsterdam, 2006.
Boarne: bureau Monumenten & Archeologie, Amsterdam

Archeology[1] of argeology[2][3] (fan it Grykske αρχαιος, archaios, "âldheid", en λόγος, logos, "kennis") of âldheidkunde is de wittenskip dy't troch it bestudearje fan oerbliuwsels út it ferline (artefakten) en út de kontekst ynsjoch besiket te krijen yn de ûntwikkeling en fan wjerskante beynfloeding troch âlde kultueren. De archeology hat in praktyske kant en in teoretyske. Praktysk is it fjildwurk wêrûnder de opgravings; teoretysk binne de analyse, it datearjen en it konservearjen fan 'e fynsten, it op grûn fan de fynsten meitsje, ferbetterje, befêstigje of fuortsmite fan teoryen.

  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 46.
  2. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 39.
  3. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 45.

© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search