Bernard Hinault

Bernard Hinault
sporter
Bernard Hinault (2005)
Bernard Hinault (2005)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bernard Hinault
bynamme Le Blaireau
nasjonaliteit Frânsk
bertedatum 14 novimber 1954
berteplak Yffiniac
lingte 174 sm
gewicht 62 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1971
karriêre-ein 1986
wichtige prestaasjes
Omgong fan Frankryk (1978-1979, 1981-1982, 1985),
Omgong fan Spanje (1978, 1983),
Omgong fan Itaalje (1980, 1982, 1985)

Bernard Hinault (Yffiniac, 14 novimber 1954) in eardere Frânsk hurdfytser.

Hinault wie sûnder mis ien fan de sterkste en mearsidichste hurdfytsers út de skiednis. Hy wie de bêste tiidrider fan syn generaasje en koe ek berchop en ek yn de sprint de spesjalisten ferslaan.

Syn alsidichheid docht bliken út it grutte tal omgongen en fytsklassikers dy't er wûn. Hinault wie nei Jacques Anquetil en Eddy Merckx de tredde hurdfytser dy't de Omgong fan Frankryk fiif kear wûn. Dy prestaasje waard letter allinnich helle troch Miguel Induráin. Dêrneist wûn er trijeris de Omgong fan Itaalje en twaris de Omgong fan Spanje. Hinault is boppedat ien fan de pear hurdfytsers dy't de Omgongen fan Itaalje en Frankryk yn ien seizoen wûn. Hy die dat twa kear, yn 1982 en yn 1985.

Allyksa stiet syn namme mear as ien kear op de earelist fan de Waalse Pylkl, Luik-Bastenaken-Luik en de Omloop fan Lombardije. Hinault hie it mier oan de kasseien fan Parys-Roubaix, mar it tekenet syn eargefoel dat hy it dêr krekt allike lang besocht oant er dy presizjeuze priis yn 1981 wûn.

Hinault kaam op foar in rjchtfeardige behanneling fan de fytsers en lei by konflikten mei grut gesach de koers stil. Dan kamen de mannen rinnend oer de finish of se gienen letter op hielendal net fan start. Hy waard dêrtroch troch syn maten respektearre, bewûndere en freze.

Op 14 novimber 1986 einige Hinault syn sportive wurkpaad. Hinault is sûnt jierren part fan it organisaasjekommitee fan de Omgong fan Frankryk.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search