Betlehim

Betlehim
بيت لحم
בית לחם
Betlehim
Betlehim
Emblemen
Polityk
Lân Palestina
gûvernemint Betlehim
Sifers
Ynwennertal 28.591 (2017)
Oerflak 10,611 km²
Befolkingsticht. 2.700/ km²
Hichte 765 m
Oar
Stifting om 1400 f.Kr. hinne
Tiidsône UTC+2
Koördinaten 31° 42' 11" NB, 35° 11' 44" EL
Offisjele webside
Webstee fan de Gemeente Betlehim
Kaart
Betlehim (Palestina)
Betlehim
Kaart
Betlehim
De rin fan de muorre by Betlehim
Dizze side giet oer de stêd yn de westlike Jordaanouwer. Foar oare betsjuttings, sjoch: Bethlehem (betsjuttingsside).

Betlehim of Betlehem (Arabysk: بيت لحم‎, Bayta Laḥm, "fleishûs"; Hebriuwsk בית לחם, Bet Leḥem, "breahûs") is in Palestynske stêd yn it Westjordaanlân. Betlehim hie 28.591 ynwenners yn 2017. It oanswettende Beit Jala en Beit Sahour hawwe efterelkoar 13.000 en 12.000 ynwenners. De flechtlingekampen Dheisheh, Aida en Beit Jebreen binne wilens yn Betlehim opnaam: earmoedige wenwiken, dy't it meast hawwe moatte fan help fan de FN.

Betlehim leit likernôch 10 kilometer besuden Jeruzalem en 765 meter boppe seenivo (30 meter heger as Jeruzalem).


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search