Biedwurd

In biedwurd, ek motto (Italjaansk), is in koarte spreuk dy't earne it doel fan oanjout. In protte lannen, stêden, universiteiten en oare organisaasjes hawwe in biedwurd, faak keppele oan in wapen, en ek famyljes mei in wapen hawwe faak in biedwurd. It biedwurd is faak yn in taal dy't foar de brûkers it biedwurd mear klam jout. Dat kin bygelyks Latynsk wêze, of yn it Germaansk taalgebied ek wol it Frânsk.

Guon boeken krije fan de skriuwer ek in biedwurd mei, om oan te jaan hoe't de skriuwer sels it boek sjocht. Dit binne dan almeast sitaten, faak fan klasssyke skriuwers.

Ek by guon aktiviteiten en aksjes wurdt in biedwurd opsteld. Dêr't biedwurden fan organisaasjes faak tige symboalysk binne, binne motto's foar aksjes tige direkt.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search