Bloedbad fan de Washita

Bloedbad fan de Washita
(ûnderdiel fan 'e Komantsjekampanje)
datum: 27 novimber 1868
plak: oan 'e Washita, yn westlik Oklahoma
útkomst: Amerikaanske oerwinning;
slachtpartij ûnder de Súdlike Sjajinnen
konfliktpartijen
Súdlike Sjajinnen
Súdlike Arapaho
Kajowa
Feriene Steaten


befelhawwers
Swarte Tsjettel
Lytse Rots
George Armstrong Custer
Joel H. Elliott
sterkte
150 krigers
>100 froulju en bern
574 militêren

ferliezen
±50 deaden
±50 ferwûnen
53 kriichsfinzenen
21 deaden
13 ferwûnen

kaart
Bloedbad fan de Washita (Oklahoma)
Bloedbad fan de Washita
Lokaasje fan it Bloedbad fan 'e Washita yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma.

It Bloedbad fan de Washita of de Slach oan de Washita wie in foarfal dat plakfûn as ûnderdiel fan 'e Flakte-Yndiaanske oarloggen yn it Wylde Westen. Dêrby waard op 27 novimber 1868 it winterkamp fan 'e Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne) fan opperhaad Swarte Tsjettel, oan 'e igge fan 'e rivier de Washita, by it hjoeddeiske Cheyenne, yn westlik Oklahoma, oanfallen en foar in grut diel útmoarde troch it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Skattings fan eachtsjûgen oangeande it tal Yndiaanske deaden rûnen útinoar fan 13 oant 150, en dêrby gie it foar in oansjenlik part om froulju en bern. Doedestiden waard de 'Slach oan de Washita' yn 'e Feriene Steaten beskôge as in wichtige oerwinning en de earste stap op 'e wei nei de ûnderwerping fan 'e opstannige Súdlike Sjajinnen. Tsjintwurdich wurdt it barren lykwols frij algemien as in oarlochsmisdie sjoen.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search