Boek fan Tomas

Boek fan Tomas
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 1e of 2e iuw (?)

It Boek fan Tomas, of it Boek fan Tomas de Iggewearder, is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It moat net betize wurde mei it Evangeelje fan Tomas, it Berne-evangeelje fan Tomas, de Hannelingen fan Tomas of de Iepenbiering fan Tomas, dat allegear hiel oare geskriften binne. It Boek fan Tomas is in gnostyske en pseudepigrafyske tekst dy't yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search