Dongeradiel

Dongeradiel

Utsjoch op Nes.
flagge wapen

Wapen fan Dongeradiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Magda Berndsen (D66)
sifers en geografy
haadplak Dokkum
grutste plak Dokkum
ynwennertal 24.097 (2017)
befolkingstichtens 162,1 / km²
oerflak 266,92 km²
● wêrfan lân 167,21 km²
● wêrfan wetter 99,71 km²
tal stêden 1
tal doarpen 28
ferkearsieren N356, N358, N361
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Gemeente Dokkum
Gritenij East-Dongeradiel
Gritenij West-Dongeradiel
1851 – 1984 Gemeente Dokkum
Gem. East-Dongeradiel
Gem. West-Dongeradiel
opheft 2019
opgien yn Noardeast-Fryslân
oar
netnûmer 0519
postkoade 9101–9156
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.dongeradeel.nl

Dongeradiel (Nederlânsk en offisjeel: Dongeradeel) wie in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, mei 24.097 ynwenners (30 april 2017); en mei in gebiet fan 266,92 km². Dêrfan wie 99,71 km² wetter. Dongeradiel ûntstie by de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984, doe't it foarme waard út 'e eardere gemeenten Dokkum, East-Dongeradiel en West-Dongeradiel. It hold op te bestean op 1 jannewaris 2019, doe't it opgie yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search