Earste luitenant

In earste luitenant is in subalterne ofsier fan middelhege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is luitenant-op-see 2e klasse. Yn guon lannen is de ekwivalinte rang fan earste luitenant by de loftmacht flechtofsier. De oansprektitel fan in earste luitenant is "luitenant". De boppelizzende rang is kaptein, en de ûnderlizzende rang is twadde luitenant. Dêrmei is earste luitenant ien fan 'e middelste subalterne ofsiersrangen.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search