Eastersk-otterdoksy

De Pokrov- of Basiliuskatedraal fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke, yn Moskou.

De eastersk-otterdoksy, ek wol wat misliedend de Eastersk-Otterdokse Tsjerke neamd, of, wat korrekter, de eastersk-otterdokse tsjerken, is ien fan 'e fiif haadstreamings binnen it kristendom, mei 225 oant 300 miljoen leauwenden wrâldwiid, mar konsintrearre yn East-Jeropa, op 'e Balkan en yn it Midden-Easten. De eastersk-otterdoksy wurdt beliden troch de mearderheid fan 'e (religieuze) ynwenners fan Abgaazje, Bulgarije, Georgje, Grikelân, Masedoanje, Moldaavje, Montenegro, de Oekraïne, Roemeenje, Ruslân, Servje, Syprus, Súd-Osseesje, Transnistrje en Wyt-Ruslân, wylst der wichtige eastersk-otterdokse minderheden besteane yn Albaanje, Bosnje-Hertsegovina, Egypte, Estlân, Finlân, Irak, Israel, Kazachstan, Kosovo, Kroaasje, Letlân, Libanon, Litouwen, de Palestynske gebieten, Poalen, Syrje, Slowakije, Tsjechje en Turkije.

De eastersk-otterdoksy, dy't ta it eastersk kristendom heart, wurdt opmakke út in hiele rige fan tsjerkegenoatskippen, elkmis geografysk en nasjonaal ûnderskaat, mar teologysk feriene yn 'e saneamde Eastersk-Otterdokse Kommuny. De selsbestjoerende (autosefale) tsjerken falle faak gear mei ien lân en folk (lykas de Russysk-Otterdokse Tsjerke, de Georgysk-Otterdokse Tsjerke en de Servysk-Otterdokse Tsjerke), en wurde bestjoerd troch in komitee fan biskoppen dat de Hillige Synoade neamd wurdt. De leden fan sa'n Hillige Synoade kieze út harren fermidden ien as symboalyske earste ûnder syn gelikensens, dy't (alteast yn 'e gruttere tsjerken) de titel fan 'patriarch' kriget. De measte eastersk-otterdokse tsjerken erkenne de oekumenyske patriarch fan Konstantinopel as it symboalysk haad fan 'e hiele eastersk-otterdoksy.

De eastersk-otterdokse tsjerken beskôgje harsels as de fuortsetting fan 'e "iene, wiere, hillige, katolike en apostoalyske tsjerke", dy't 2000 jier lyn fêstige waard troch de apostels fan Jezus Kristus. Se neame harsels ek wol "apostoalysk otterdokse katolike tsjerken". It wurd "otterdoks" wol safolle sizze as 'goede oanbidding' en 'krekte lear', en wurdt yn dy sin ek wol brûkt as oar wurd foar 'rjochtsinnich' of 'strang yn 'e lear'. De eastersk-otterdoksen oanfurdzje inkeld de dogma's dy't fêstlein binne yn 'e earste sân oekumenyske konsyljes. De eastersk-otterdokse tsjerken moatte net betize wurde mei de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, dy't har al op it Konsylje fan Galsedon, yn 451, fan 'e memmetsjerke ôfspjalten.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search