Eastsemityske talen

Eastsemityske talen
algemien
lokaasje Irak, Syrje
tal talen 2
tal sprekkers 0 ( 1e milennium f.Kr.)
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
    ● Semitysk
subgroepen Akkadysk
Eblaïtysk

De Eastsemityske talen binne ien fan teminsten seis taalgroepen dy't mei-inoar de Semityske talen foarmje. Dy hearre wer ta de grutte Afro-Aziatyske taalfamylje. De Eastsemityske taalkloft bestiet ynsafier bekend út mar twa, no deade, talen, te witten: it Akkadysk, dat lânseigen wie yn wat no noardlik Irak is, en it dêr nau mei besibbe Eblaïtysk, út wat no westlik Syrje is. Beide talen binne (skriftlik) oerlevere út it trêde milennium f.Kr. It Akkadysk oerlibbe as sprektaal teminsten oant healwei it earste milennium f.Kr. en as skriuwtaal oant yn 'e earste iuw (n.Kr.). De Eastsemityske talen waarden skreaun mei it spikerskrift en stiene ûnder sterke ynfloed fan it net-Semityske Sûmearysk.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search