Efternamme

In efternamme, achternamme of ek wol famyljenamme is in namme dy't by minsken tafoege wurdt oan 'e foarnamme en (yn guon kultueren) de middelnamme. Hjirtroch ken men lju werom dy't oaninoar besibbe binne, mei't famyljeleden, alteast yn 'e manlike line, deselde efternamme hawwe. Tradisjoneel jout yn 'e Westerske kultuer nammentlik in heit syn efternamme troch oan syn bern, wylst in breid de efternamme fan har brêgeman oernimt en har eigen efternamme, dy't dan har famkesnamme neamd wurdt, net of selden mear brûkt. Tsjintwurdich is dat lykwols net mear fansels: froulju behâlde no faak, ek yn in houlik, harren eigen efternamme, en bern kinne no ek de efternamme fan 'e mem krije.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search