Evangeelje fan Judas

Evangeelje fan Judas
Earste side fan it iene oerlevere manuskript fan it Evangeelje fan Judas.
Earste side fan it iene oerlevere manuskript fan it Evangeelje fan Judas.
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 2e iuw

It Evangeelje fan Judas is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e gnostyske evangeeljes, en moat nei alle gedachten datearre wurde yn 'e twadde iuw. It hat de foarm fan in samling petearen tusken Jezus fan Nazaret en Judas Iskariot, de dissipel dy't him neffens de kanonike evangeeljes ferrette. It is lykwols in pseudepigrafysk geskrift, want om't it twadde-iuwske teologyske ideeën befettet, kin Judas it sels nea skreaun hawwe. De ierste ferwizing dernei wurdt foarme troch in dokumint fan 'e hân fan 'e ier-kristlike teolooch Irenaeus, út it jier 180, wêryn't dy in wiere tirade hâldt tsjin it gnostyske gedachteguod fan it Evangeelje fan Judas. It iennichste oerlevere manuskript fan dizze tekst is yn it Koptysk.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search