Evangeelje fan Lukas

Evangeelje fan Lukas
algemiene gegevens
oarspr. titel Εὐαγγέλιον κατὰ Λουκᾶν
("Euangelion kata Loukan")
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 8090 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Evangeelje fan Markus
● folgjend diel Evangeelje fan Jehannes
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Ewangeelje fen Lucas
publikaasje 1879, Ljouwert
oersetter Gerben Colmjon

It Evangeelje fan Lukas, yn it oarspronklike Gryksk: τὸ Εὐαγγέλιον κατὰ Λουκᾶν, to Euangelion kata Loukan (mar meastentiids koartwei Lukas neamd), is in evangeelje dat erkend wurdt as ien fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes. It is it trêde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel en foarmet yn 'e mande mei de evangeeljes fan Mattéus en Markus ien fan 'e trije synoptyske evangeeljes. It fertelt fan it libben en ûnderrjocht, de dea en de weropstanning út 'e dea fan 'e joadske learmaster Jezus fan Nazaret, dy't troch de kristenen beskôge wurdt as de messias en de Soan fan God. De earste Fryske oersetting fan it Evangeelje fan Lukas ferskynde yn 1879 fan 'e hân fan Gerben Colmjon.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search