Ezra (Gryksk)

Ezra (Gryksk)
In tekstkolom út it boek Ezra A (oftewol Ezra (Gryksk)), út 'e Septuaginta.
In tekstkolom út it boek Ezra A (oftewol
Ezra (Gryksk)), út 'e Septuaginta.
algemiene gegevens
oarspr. titel Esdras
auteur anonimus
taal Aldgryksk, Arameesk of Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 1e iuw f.Kr.1e iuw n.Kr.

Ezra (Gryksk) is in joadsk religieus geskrift, nau besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dat hjoed de dei troch alle joadske streamings en it westersk kristendom as apokryf beskôge wurdt, al stie it yn 'e Aldheid mank de joaden yn heech oansjen en makke it diel út fan 'e kanon fan 'e iere tsjerke. It is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e bibelske preester Ezra, en komt fierhinne oerien mei it bibelboek Ezra, ôfsjoen fan ien opfallende tafoeging yn 'e midden fan haadstik 4. It makke diel út fan 'e Septuaginta, de iere en yn 'e eastersk-otterdokse tsjerken noch altyd gesachhawwende Grykske bibeloersetting. Mei't der ûnderskate ûngerjochtichheden yn it ferhaal sitte, binne de measte saakkundigen fan tinken dat der oer Ezra (Gryksk) mear as ien skriuwer gear west hat. Mar guon fan harren miene ek dat dit geskrift it orizjineel is, dêr't it bibelboek Ezra op basearre is. Oer de oarspronklike taal is men it net iens: dat soe Gryksk, Arameesk of Hebriuwsk west hawwe kinne, mar fanwegen de oerienkomsten yn taaleigen en skriuwstyl mei de it bibelboek Daniël yn 'e Septuaginta tinkt men dat de skriuwer (of de Grykske oersetter, as it Gryksk net de oarspronklike taal fan 'e tekst wie) ek belutsen west hawwe moat by de Grykske oersetting fan Daniël. Ezra (Gryksk) wurdt yn 'e regel datearre yn 'e earste iuw f.Kr. of de earste iuw n.Kr.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search