Fermont

Steat Fermont
State of Vermont
flagge wapen
Freedom and Unity
(Ingelsk, "Frijheid en Ienheid")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting VT
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1791)
haadstêd Montpelier
grutste stêd Burlington
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 626.562 (2014)
befolkingstichtens 26,1 / km²
oerflak 24.923 km² (4,1% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Green Mountain State
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.vermont.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Fermont. Foar oare betsjuttings, sjoch: Fermont (betsjuttingsside).

Fermont (Ingelsk: Vermont; útspr.: [vəɹ'mɒnt], likernôch "wurmônt"), offisjeel de Steat Fermont (Ingelsk: State of Vermont), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Fermont, byneamd de Green Mountain State, leit yn it noardeasten fan it lân, en heart ta de regio Nij-Ingelân. De haadstêd is Montpelier, mar de grutste stêd is Burlington. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 627.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 49e (op ien nei lytste) steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Fermont mei krapoan 25.000 km² de 45e steat. Fermont stiet bekend om syn moaie lânskip, de prachtige hjerstkleuren fan it wâldlân en om syn idyllyske doarpkes mei wite hûskes en lytse tsjerkjes.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search