Fersen fan Minne

Fersen fan Minne
algemiene gegevens
oarspr. titel Strofische Gedichten
auteur Hadewych
taal Midnederlânsk
foarm poëzij
sjenre lyryske gedichten
skreaun ±1240
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Fersen fan Minne
publikaasje 2001, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. ELF
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 9 07 35 54 721

Fersen fan Minne, yn it oarspronklike Nederlânsk: Strofische Gedichten, is in samling fan 45 mystike leafdesdichten fan 'e Midsiuwske dichteresse, skriuwster en mystika Hadewych. De gedichten waarden om 1240 hinne skreaun yn it Brabânske dialekt fan it Midnederlânsk en der is gjin gebrûk foar makke fan in boarnetekst.

It earste fan Hadewych har Fersen fan Minne. Hânskrift te Gint, UB, 941, f. 49r.

Wol waard Hadewych dúdlik beynfloede troch de Midsiuwske minnelieten fan 'e trûbadoers, dy't de hoaske leafde ta ûnderwerp hiene. Mar hoewol't de chansons fan 'e trûbadoers ornaris de leafde fan in ridder of ealman foar de frou fan syn lienhear fertolken, longeret Hadewych nei de Leafde (Minne) sels, dy't hja min ofte mear as in ferpersoanliking fan God sjocht.

Undersyk fan Frank Willaert hat oantoand dat men de Strofische Gedichten sjonge kin, en dat by de measten derfan sels frij goed oan te tsjutten is hokker sjongwize oft Hadewych dêrby op it each hie.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search