Firus (biology)

SARS-CoV-2, ien fan de koroanafirussen

In firus bestiet út erflik materiaal yn in omskot dat yn steat is him fuort te plantsjen troch gebrûk te meitsjen fan it reproduksje-apparaat fan libjende organismen. Gauris binne firussen slim spesjalisearre op in (type) gasthear. Mei’t se gjin eigen fuortplantingsapparaat hawwe en gjin eigen stofwiksel, binne se folslein ôfhinklik fan oare organismen en as sadandich foldogge se net oan alle gebrûklike kritearia foar de definysje fan libben. Firussen kinne har fan generaasje op generaasje wol feroarje en ûndergeane evolúsje. In firusynfeksje ferrint neffens in hiel oar meganisme as in baktearje- of skimmelynfeksje en kin net mei antybiotika bestriden wurde. Der binne stoffen dy’t spesifyk de wurking fan guon (typen) firussen fersteure en as genêsmiddel ynset wurde.

De typyske diameter fan in firus is tusken de 20 en 300 nanometer.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search