Gebed fan Joazef

Gebed fan Joazef
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Arameesk of Aldgryksk
foarm gebed
skreaun 1e iuw n.Kr.

It Gebed fan Joazef wie in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It wie in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan Joazef, de soan fan 'e aartsfaar Jakob, dêr't net mei wissichheid fan sein wurde kin oft it fan joadske of fan kristlike oarsprong wie. Der binne mar trije fragminten, yn 'e foarm fan sitaten yn wurken fan oare skriuwers, fan oerlevere, mar dêr kin út opmakke wurde dat it Gebed fan Joazef fertelde dat de aartsfaar Jakob in ynkarnaasje fan 'e ingel Israel wie, dy't mei de aartsingel Uriël wedivere om wa't yn 'e himel de heechste rang hawwe soe. It moat skreaun wêze yn 'e earste iuw, yn itsij it Arameesk (as it fan joadske oarsprong wie), itsij it Gryksk (as it in kristlike tekst wie).


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search