Hebriuwsk

Hebriuwsk
algemien
oare namme(n) Ivryt
eigen namme עברית, Ivrit
lânseigen yn Israel
tal sprekkers 5 miljoen (2017)
skrift Hebriuwsk skrift
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
  ● Semitysk
    ● Westsemitysk
      ● Middensemitysk
        ● Noardwestsemitysk
          ● Kanaänitysk
            ● Súdkanaänitysk
              ● Hebriuwsk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status Israel
erkenning as
minderheidstaal
Poalen
Súd-Afrika
taalkoades
ISO 639-1 he
ISO 639-2 heb
ISO 639-3 heb

It Hebriuwsk (Hebriuwsk: עברית, Ivrit; útspr. [ivˈʁit], likernôch: "i-wchyt"), foarhinne stavere as Hebrieusk en soms ek oantsjut as Ivryt, is de nasjonale taal fan 'e Joaden. It is in Semityske taal, dy't as sadanich besibbe is oan û.m. it Arabysk, Arameesk en Akkadysk. Binnen de Semityske talen heart it Hebriuwsk ta de Kanaänityske talen, dy't fierder allegear útstoarn binne. Histoarysk wie it Hebriuwsk de taal fan 'e âlde Israeliten en wie it sadwaande lânseigen yn it lân Kanaän, dat no rûchwei Israel en Palestina beslacht. De ierste oerlevere skreaune fragminten fan 'e taal datearje út 'e tsiende iuw f.Kr. Letter waard tusken de achtste en de sechsde iuw f.Kr. de Tenach, de joadske Bibel fierhinne yn it Hebriuwsk skreaun.

Fan 'e sechsde iuw f.Kr. ôf ferlear it Hebriuwsk terrein oan it besibbe Arameesk, en nei de jammerdearlik ferrûne Bar Kochba-opstân fan 135 rekke it mei de taal alhiel yn it neigean. Earne tusken 200 en 400 stoar it Hebriuwsk út as sprektaal. De taal oerlibbe oant nei de Midsiuwen as liturgyske taal, lingua franca op it mêd fan 'e hannel tusken Joaden dy't ferskillende memmetalen sprieken, en as taal fan poëzij en rabbinale literatuer. Mei de opkomst fan it sionisme waard it Hebriuwsk yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw nij libben ynblaasd as sprektaal. By de oprjochting fan 'e Steat Israel, yn 1948, waard it de offisjele taal fan dat lân. Anno 2017 wiene der likernôch 5 miljoen memmetaalsprekkers fan it Hebriuwsk, mei dêropta nochris 4 miljoen lju dy't it as twadde taal sprieken. It Hebriuwsk is it súksesfolste foarbyld fan in deade taal dy't wer ta libben brocht is.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search