Heksadesimaal systeem

It heksadesimaal systeem is in getalstelsel wêrby't net, lykas yn 'e Westerske wrâld gebrûklik is, útgien wurdt fan in basisienheid fan 10 sifers (it desimaal systeem), mar fan in basisienheid fan 16 sifers. 'Heksadesimaal', fan it Frânske hexadécimal, betsjut nammentlik "sechstjintallich". Yn dit systeem wurde de sifers 0 o/m 9 útwreide mei de haadletters A (=10) o/m F (=15). Soms wurde dy oanfollings mei lytse letters skreaun (a o/m f). Yn dizze kontekst moatte de oanfoljende lettertekens lykwols net as letters beskôge wurde, mar as sifers. Benammen yn 'e ynformatika wurdt in protte wurke mei de heksadesimale foarstelling fan getallen, om't dy goed oanslút by de binêre (twatallige) programmeartaal. It wurd 'heksadesimaal', yn it Ingelsk hexadecimal, wurdt dêrby faak ôfkoarte ta hex, ek al betsjut dat eins 'seis' ynstee fan 'sechstjin'.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search