Himelfeart fan Mozes

Himelfeart fan Mozes
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Hebriuwsk of Arameesk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 120150 n.Kr.

De Himelfeart fan Mozes, ek wol it Testamint fan Mozes neamd, is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dy't benammentlik bekend is troch de ferwizings dy't dernei makke wurde yn it nijtestamintysk Brief fan Judas. It is ûnfolslein oerlevere yn 'e foarm fan ien inkeld skansearre manuskript út 'e sechsde iuw, skreaun yn it Latyn, dat yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e Biblioteca Ambrosiana te Milaan ûntdutsen waard troch Antonio Ceriani, en dat yn 1861 troch him publisearre waard. De Himelfeart fan Mozes is in pseudepigrafyske tekst ûnder de namme fan 'e Israelityske profeet en foaroanman Mozes, wêryn't dy koart foar syn ferstjerren profetearret oer wat der nei syn dea barre sil.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search