Iepenbiering fan Sedrach

Iepenbiering fan Sedrach
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun begjin jiertelling

De Iepenbiering fan Sedrach is in algemien as apokryf beskôge religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. Yn it oarspronklike Gryksk wurdt de namme yn 'e titel jûn as Sedrach, wat foar 't neist in hellenisearring fan 'e Hebriuwske foarm Šadrach (Frysk: Sadrak), de namme dy't neffens it bibelboek Daniël (om persiis te wêzen Dan. 1:7) troch de hofmaster fan 'e Babyloanyske kening Nebûkadnêzar II jûn waard oan 'e Joadske jongfeint Chananja, ien fan 'e trije selskipslju fan 'e profeet Daniël. In oare mooglikheid is dat it in ferbastering is fan Esdras, de Grykske foarm fan 'e namme fan 'e Joadske preester Ezra. Guon saakkundigen wize yn dit ferbân op 'e oerienkomsten tusken de Iepenbiering fan Sedrach en oare apokrife teksten dy't tradisjoneel oan Ezra taskreaun waarden, lykas de Grykske Iepenbiering fan Ezra.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search