Iepenbiering fan Sefanja

Iepenbiering fan Sefanja
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 100 f.Kr.70 n.Kr.

De Iepenbiering fan Sefanja is in algemien as apokryf beskôge religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e joadske profeet Sefanja, dy't bekend wie út ferwizings yn geskriften út 'e Aldheid, mar iuwenlang ferlern waand waard, oant der yn 1881 yn it Wite Kleaster, yn Egypte, twa fragmintaryske manuskripten fan ûntdutsen waarden. Dy waarden oerbrocht nei de Bibliothèque Nationale de Paris, yn Frankryk, en yn 1885 publisearre.

Yn 'e mande mei oare fragminten, dy't letter oankocht waarden troch it Staatliche Museum te Berlyn, waarden dy beide manuskripten yn 1899 troch de Dútske wittenskipper Georg Steindorff identifisearre as de missende Iepenbiering fan Sefanja, in oar ferlern tocht geskrift, de Iepenbiering fan Elía, en in ûnbekende tekst, dy't er de Anonime Iepenbiering neamde. Neier ûndersyk hat útwiisd dat de Anonime Iepenbiering nei alle gedachten in ûnderdiel is fan 'e Iepenbiering fan Sefanja. De beide manuskripten binne skreaun yn it Koptysk; de iene, yn it Achmimyske dialekt, datearret út 'e iere fjirde iuw, wylst de oare, yn it Sahidyske dialekt, weromgiet op 'e iere fyfde iuw. De oarspronklike taal wie foar 't neist Gryksk, en it wurk moat nei 100 f.Kr. en foàr it jier 70 skreaun wêze.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search