Indiana

Steat Indiana
State of Indiana
flagge wapen
The Crossroads of America
(Ingelsk, "It Krúspunt fan Amearika")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting IN
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1816)
haadstêd Indianapolis
grutste stêd Indianapolis
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 6.596.855 (2014)
befolkingstichtens 70,2 / km²
oerflak 94.321 km² (1,5% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Hoosier State
tiidsône UTC –5 (of –6)
simmertiid UTC –4 (of –5)
webside www.in.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Indiana. Foar oare betsjuttings, sjoch: Indiana (betsjuttingsside).

Indiana (Ingelske útspr.: [ɪndi'jæ:nǝ], likernôch "in-dy--nuh"), offisjeel de Steat Indiana (Ingelsk: State of Indiana), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Indiana, byneamd de Hoosier State, leit yn it noardeasten fan it lân, yn 'e krite fan 'e Grutte Marren, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten. De haadstêd is Indianapolis, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 6,6 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 16e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Indiana mei goed 94.000 km² de 38e steat. Indiana stiet bekend om syn yn ferfal rekke stielyndustry en om 'e Indianapolis 500, in ferneamde autorace.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search