Iowa

Steat Iowa
State of Iowa
flagge wapen
Our Liberties We Prize and
Our Rights We Will Maintain

(Ingelsk, "Us Frijheden Wurdearje Wy en Us
Rjochten Sille Wy Hanthavenje")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting IA
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1846)
haadstêd Des Moines
grutste stêd Des Moines
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 3.107.000 (2014)
befolkingstichtens 21,2 / km²
oerflak 145.743 km² (0,7% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Hawkeye State
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
webside www.iowa.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Iowa. Foar oare betsjuttings, sjoch: Iowa (betsjuttingsside).

Iowa (Ingelsk: Iowa; útspr.: ['a:jowə], likernôch "aajowe"), offisjeel de Steat Iowa (Ingelsk: State of Iowa), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Iowa, byneamd de Hawkeye State, leit likernôch yn 'e midden fan it lân, ynklamme tusken de beide grutte rivieren de Mississippy en de Missoery, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten. De haadstêd en teffens grutste stêd is Des Moines. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 3,1 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 30e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Iowa mei 145.743 km² de 26e steat. Iowa stiet benammen bekend as in agrarysk gebiet. Ien fan 'e grutste toeristyske trekpleisters wurdt foarme troch de oerdutsen brêgen fan Madison County.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search