Israeliten

De Stêle fan Merenptah, dêr't Israel foar it earst op neamd waard
Dizze side giet oer it folk út de Aldheid. Foar de boargers fan de hjoeddeistige steat Israel, sjoch: Israeliërs.

De Israeliten (Hebriuwsk: בְּנֵי יִשְׂרָאֵל‎, Bənēy Yīsrāʾēl, "bern fan Israel") wiene in groep Semitysktalige stammen yn it Midden-Easten, dy't yn in part fan Kanaän wennen.

In folk mei de namme Israel waard foar it earst neamd yn de Stêle fan Merenptah fan it Alde Egypte fan om likernôch 1200 f.Kr. hinne. Hja en harren kultuer wie in ôfspjalting fan in grutter Kanaânitysk folk en kultuer troch de ûntwikkeling fan in ûnderskate monolatristyske en letter monoteïstysk leauwe basearre op harren god Yahweh. Hja sprutsen in argayske foarm fan Hebriuwsk, dat in regionale foarm fan de Kanaänityske taal wie, en dat hjoed-de-dei oantsjut wurdt as Bibelsk Hebriuwsk.

Neffens de Bibel binne de Israeliten de ôfstammelingen fan harren aartsfaar Jakob. Nei in ûnbidige drûchte ferfearen Jakob en syn tolve soannen nei Egypte, dêr't se stadichoan de tolve stammen fan Israel foarmen. De Israelliten waarden troch Mozes út de slavernij yn Egypte wei holpen en werom nei Kanaän brocht. Hja oermasteren Kanaän ûnder it liederskip fan Jozua. Letter foarmen der twa Israelityske keninkriken: Israel en Juda. Neffens de Bibel binne se it resultaat fan it opspjalten fan it eardere Feriene Keninkryk Israel. It keninkryk Israel, mei haadstêd Samaria foel oan it Assyryske Ryk om 720 f.Kr. hinne, wylst it keninkryk Juda, mei haadstêd Jeruzalim, troch it Babyloanyske Ryk yn 589 f.Kr. ferneatige waard.

De Joaden en Samaritanen binne de ôfstammelingen fan de âlde Israeliten. De Joaden tinke dat se fan de stammen fan Juda, Benjamin en Levy ôfstamje, om't de noardlike tsien stammen ferlern rekke wiene nei de Assyryske oermastering. De Samaritanen tinke dat se fan de stammen fan Efraïm en Manasse ôfstamje.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search