J.D. Salinger

J.D. Salinger
skriuwer
Portret fan J.D. Salinger
Portret fan J.D. Salinger
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jerome David Salinger
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 jannewaris 1919
berteplak New York
stoarn 27 jannewaris 2010
stjerplak Cornish
wurk
taal Ingelsk
sjenre roman
bekendste
  wurk(en)
The Catcher in the Rye
jierren aktyf 1940-1965
Salinger syn hantekening

J.D. Salinger (folút: Jerome David Salinger; New York, 1 jannewaris 1919 - Cornish, Nij-Hampshire, 27 jannewaris 2010) wie in Amerikaanske skriuwer, dy't wrâldferneamd waard mei syn kontroverzjele debútroman The Catcher in the Rye ('De fanger yn de rogge') út 1951. Rillegau mijde er de media en bleau er tige op himsels. Syn lêste wurk ferskynde yn 1965 en hy joech syn lêste ynterview yn 1980.

Salinger hat by syn libben mar sa'n 35 ferhalen útbrocht, mar dochs jildt er as ien fan de meast lêzen en besprutsen Amerikaanske skriuwers fan nei 1945.

De ynfloed fan Salinger op oare skriuwers (Philip Roth, John Updike, Aimee Bender) is grut. Mei troch it isolemint dat er sels keas, krige syn literêr talint benei mytyske foarmen yn guon fermiddens.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search