J.R.R. Tolkien

J.R.R. Tolkien
skriuwer
J.R.R. Tolkien yn 1916.
J.R.R. Tolkien yn 1916.
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Ronald Reuel Tolkien
nasjonaliteit Britsk
berne 3 jannewaris 1892
berteplak Blomfontein (Oranje Frijsteat)
stoarn 2 septimber 1973
stjerplak Bournemouth (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Dútsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, berneboeken,
letterkundige non-fiksje
perioade mids 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
The Hobbit
The Lord of the Rings
útjouwer George Allen & Unwin
jierren aktyf 19371973
offisjele webside
www.tolkienestate.com

J.R.R. Tolkien (folút: John Ronald Reuel Tolkien; Blomfontein (Oranje Frijsteat), 3 jannewaris 1892Bournemouth (Ingelân), 2 septimber 1973) wie in Ingelsk skriuwer, taalkundige en heechlearaar Angelsaksysk en Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Leeds en de Universiteit fan Oxford. Hy wurdt beskôge as de grûnlizzer fan it moderne fantasysjenre en groeide út ta ien fan 'e meast ferneamde auteurs fan 'e tweintichste iuw mei syn berneboek The Hobbit en syn trilogy The Lord of the Rings, dy't er pleatste yn in eigenoptochte fantasijwrâld mei de namme 'Midden-Ierde'. Postúm waarden ûnder redaksje fan syn soan Christopher Tolkien noch ferskate oare wurken fan him publisearre, mei as wichtichsten The Silmarillion en Unfinished Tales. Yn 2008 waard Tolkien troch de krante The Times op it sechsde plak pleatst op in ranglist mei de fyftich grutste Britske skriuwers sûnt 1945. It Amerikaanske tydskrift Forbes parte him yn 2009 it fyfde plak ta op in ranglist mei 'bêst fertsjinjende deade bekendheden'.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search