Jeropeeske Ekonomyske Mienskip

EEM fan 1957 oant 1993

De Europeeske Ekonomyske Mienskip (EEM) is oprjochte op 1 jannewaris 1958, doe’t it Ferdrach fan Rome fan krêft waard. Dat ferdrach wie op 25 maart 1957 tekene troch Belgje, de West-Dútslân, Frankryk, Itaalje, Lúksemboarch en Nederlân.

De EEM wie de grûnslach fan de hjoeddeistige Europeeske Uny. Binnen de EEM waard in mienskiplike merk foarme. It EEM-ferdrach omfieme bepalingen oangeande lânbou, transportmooglikheden en ekonomyske relaasjes mei net-leden. Letter soenen ek kapitaal en arbeidskrêften diel útmeitsje fan de mienskiplike merk.

By it Ferdrach fan Rome waard ek de Jeropeeske Atoomenerzjy Mienskip (ek wol bekend as Euratom) oprjochte. Yn 1951 wie al de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel oprjochte. De trije organisaasjes krigen yn 1967 mei-inoar ien Kommisje, ien Ried en ien budzjet. Se wurken fierder ûnder de sammelnamme Europeeske Mienskippen, mar de trije ferdrachsorganisaasjes bleaunen wol los fan elkoar bestean. Yn 1993, mei it fan krêft wurden fan it Ferdrach fan Maastricht waard de namme fan de mienskip feroare nei Europeeske Mienskip omdat de ferdrachsbepalingen har fanôf dat momint folle fierder trochwurken as allinnich op it ekonomysk mêd.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search