Jezus (tradisjoneel-kristlik)

Jezus Kristus ôfbylding yn de Hagia Sophia.

Jezus fan Nazaret, yn it algemien bekend as Jezus Kristus wie de sintrale persoan yn it Kristendom, dêr't "Kristus" ôflaat is. Hy wie ek in wichtich persoan yn ferskate oare leauwen. "Kristus" komt fan it Grykske Χριστός (Christós), dat "salvling" betsjut, en besibbe is oan it fan it Hebriuwsk ôflate Messias. De namme "Jezus" komt fan it Grykske Ίησους (Iesoûs), dat in hellenisearring fan it Hebriuwsk-Arameeske ישוע (Jesjûa of Jesjû) is, en dat "JHWH" betsjut.
Oft der in histoaryske Jezus bestien hat, dêr ferskille de mienings fan skiedkundigen oer. Neffens it kristendom is Jezus Kristus de Soan fan God, de Ferlosser en part fan de Godlike Trije-ienheid; de rêder fan alle minsken. Syn komst waard yn it Alde Testamint fan de Bibel foarsein en hy soe út de dea wei wer opstean.
Jezus sels hat gjin skreaune wurk efterlitten, en de ferneamdste beskriuwings fan syn libben binne de fjouwer kanonike evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes en in tal apokrive boeken.
Yn de Islaam wurdt Jezus (Isa) as ien fan God syn leafste en wichtichste profeten beskôge, allyk as in bringer fan hillige skriften, in wûnderwurker en de Messias. Moslims leauwe lykwols net sa lykas kristenen yn it krusigjen en de godlikens fan Jezus, mar leauwe dat it krusigjen in godlike drôch wie en dat er mei lea opnaam waard yn de himel. De measte moslims leauwe wol dat er weromkomme sil nei de ierde.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search