Klaaifrysk

Klaaifrysk
algemien
eigen namme Klaaifrysk
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 95.000 (2004, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Klaaifrysk
dialekten Bjirmsk, Noardhoeksk?
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
gjint

It Klaaifrysk is ien fan 'e fjouwer grutte Fryske dialekten. It wurdt sprutsen yn 'e Klaaistreek, it noardwestlike part fan 'e provinsje Fryslân, dat rûchwei omjûn wurdt troch it wetterlân fan 'e Súdwesthoeke yn it suden, Ljouwert en de Alde Feanen yn it easten, it Bilt yn it noarden, it Waad yn it noardwesten en de Iselmar yn it westen. It Klaaifrysk tanket syn namme oan syn taalgebiet, dêr't de grûn bestiet út fette seeklaai. Neffens in skatting op grûn fan gegevens út 2004 soe it Klaaifrysk yn 'e provinsje Fryslân sprutsen wurde troch likernôch 95.000 minsken; hoefolle Friezen om utens oft Klaaifrysk sprekke, is net dúdlik.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search