Kommunikaasje

In fisualisaasje fan kommunikaasje.

Kommunikaasje (fia it Frânske communication fan it Latynske communicare: "diele") is eltse hanneling fan in libben wêzen dy't bedoeld is om troch it ôfjaan fan sinjalen in betsjutting oer te bringen oan in oar libben wêzen. De term 'kommunikaasje' is behalven de aktiviteit fan it oerbringen fan in betsjutting ek it resultaat fan it oerbringen fan dy betsjutting. Dy optelsom fan wjersidige betsjuttingjouwings wurdt ek wol it kommunikaasje-effekt neamd. De stúdzje fan kommunikaasje is de kommunikaasjekunde of kommunikaasjewittenskip. Doelen foar kommunikaasje kinne bgl. wêze: sosjale ynteraksje, tsjinstferliening, foarljochting, propaganda, public relations of reklame.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search