Konfederearre Steaten fan Amearika

Konfederearre Steaten fan Amearika
Confederate States of America
1861 – 1865
flagge wapen

de Stars and Bars
(febr. 1861 – maaie 1863)


de Stainless Banner
(maaie 1863 – maart 1865)


de Blood Stained Banner
(maart – april 1865)

(1861 – 1865)
Latyn: Deo Vindice
("Under God, Dy't Us fan Blaam Suveret")
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Montgomery (febr.-maaie 1861)
Richmond (1861-1865)
offisjele taal Ingelsk
steatsfoarm konfederale republyk
ûntstien út Rep. Alabama
Rep. Arkansas
Rep. Firginia
Rep. Floarida
Rep. Georgia
Rep. Louisiana
Rep. Mississippy
Rep. Noard-Karolina
Rep. Súd-Karolina
Rep. Teksas
Rep. Tennessee
opgien yn Feriene Steaten
no diel fan Feriene Steaten
sifers
ynwennertal 9,1 miljoen
(wêrfan 3,5 miljoen slaven)
befolkingstichtens 4,6 / km²
oerflak 1.995.392 km² (1861)
bykommende ynformaasje
folksliet offisjeel gjint
God Save the South (ûnoff.)
Dixie (tradisjoneel)
muntienheid Konfederearre dollar

De Konfederearre Steaten fan Amearika (Ingelsk: Confederate States of America), of koartwei de Konfederaasje (Ingelsk: the Confederation), wie in troch gjin inkeld besteand lân as ûnôfhinklik erkend diel fan 'e Feriene Steaten, dat him tusken 1860 en 1865 fan 'e Amerikaanske Uny besocht ôf te skieden. It wie in konfederale republyk, besteande út 11 fan 'e eardere Amerikaanske steaten, dy't rûchwei it Amerikaanske Suden besloech. De haadstêd fan 'e Konfederaasje wie oant maaie 1861 Montgomery, yn Alabama, en dêrnei Richmond, yn Firginia.

It Suden fan 'e Feriene Steaten ûnderskate him fan it (frije en yndustriële) Noarden trochdat it de slavernij as ynstitút beholden hie en trochdat it in ekonomy hie dy't fierhinne berêste op lânbou. Der bestiene tusken de beide lânsdielen ferskate skelen dy't troch de oerwinning fan 'e doedestiden nije Republikeinske Partij by de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1860 ta útbarsting kamen, mei as gefolch de ôfskieding fan it Suden. Dat late ta de fiif jier duorjende Amerikaanske Boargeroarloch, dy't op 't langelêst troch it Noarden wûn waard.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search