Koptysk Evangeelje fan de Egyptners

Koptysk Evangeelje fan de Egyptners
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Koptysk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 1e3e iuw n.Kr.

It Koptyske Evangeelje fan de Egyptners, ek wol bekend ûnder de (tapasliker) titel fan it Hillige Boek fan de Grutte Unsichtbere Geast, is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e gnostyske evangeeljes, en waard yn desimber 1945 tafalligerwize troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady ûntdutsen, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. It moat net betize wurde mei it Grykske Evangeelje fan de Egyptners, dat in hiel oare tekst is.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search