Kreoalske taal

In eigenmakke ferkearsboerd yn it Antiljaansk Kreoalsk-Frânsk fan Guadelûp: Lévé pié aw. Ni ti moun ka joué la!, dat betsjut: "Minderje faasje. Hjir boartsje bern!" (Letterlik: "Til de foet op [fan it gaspedaal]. Hjir boartsje lytse minsken!")

In kreoalske taal is in pidgintaal dy't as memmetaal sprutsen wurdt. In pidgin is in taal mei in sterk ferienfâldige grammatikale struktuer, in beheind leksikon en in frij lyts skala oan stylfoarmen, dy't ûntstiet as de leden fan twa ûnderling ûnfersteanbere taalmienskippen mei-inoar besykje te kommunisearjen sûnder dat se dêrby har taflecht nimme kinne ta in trêde taal. Soks resultearret yn in mingfoarm fan 'e beide oarspronklike talen, wêrby't dy werombrocht wurde ta in tige simpele foarm. In kreoalske taal ûntstiet as in pidgintaal safolle sprutsen wurdt dat minsken der har bern yn grut begjinne te bringen, en sa'n pidgintaal dus memmetaalsprekkers kriget. Mei't der dan in ferlet ûntstiet ta it útdrukken fan in folle grutter ferskaat oan dingen en nuânses fan dingen, nimt de kompleksiteit fan 'e grammatika en de omfang fan 'e wurdskat yn sokke gefallen navenant ta. Dêrmei ferliest sa'n taal dan de wichtichste skaaimerken fan in pidgintaal.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search