Lieten foar it Sabbatsoffer

Lieten foar it Sabbatsoffer
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm poëzij
sjenre hymnen
skreaun 100 f.Kr. (?)

De Lieten foar it Sabbatsoffer, ek wol bekend ûnder de namme fan 'e Liturgy fan de Ingels, is in rige fan trettjin algemien as apokryf beskôge religieuze lieten, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, ien foar elkmis fan 'e trettjin sabbatten fan 'e joadske kalinder. Se binne fragmintarysk oerlevere yn njoggen manuskripten dy't ûnderdiel útmakken fan 'e Deade-Seerôlen en dy't fûn binne te Qumran (4Q400-4Q407 en 11Q17). In oare kopy is ûntdutsen te Masada. De Lieten foar it Sabbatsoffer binne dreech te datearjen, mar tocht wurdt oan likernôch 100 f.Kr. Hoewol't de boekrôlen dy't te Qumran fûn binne ornaris assosjearre wurde mei guon joadske sekten, lykas de essenen, lykje de Lieten foar it Sabbatsoffer gjin sektaryske ynhâld te hawwen. Boppedat bewiist it eksimplaar dat te Masada fûn is, dat dizze tekst ek yn oare mienskippen brûkt waard.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search