Literatuer

Alde boeken

Literatuer is in oantsjutting foar lykfol hokker samling fan skreaune teksten. De term wurdt lykwols faak yn ingere sin brûkt foar it skriuwen as keunstfoarm, en dêrmei ta ûnderskie fan lektuer, it skriuwen allinnich om in ferhaal oer te bringen. Mar in beskate foarm fan lektuer, bgl. teksten oangeande ien fakgebiet, wurdt dan wer "fakliteratuer" neamd (en net "faklektuer"). It by de term "literatuer" hearrende eigenskipswurd is literêr. De tûke fan 'e wittenskip dy't ûndersyk docht nei de literatuer (as keunstfoarm) is de letterkunde (of de letteren[1]).

  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1074.

© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search