Luitenant-op-see 3e klasse

In luitenant-op-see 3e klasse is in subalterne ofsier fan lege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers is twadde luitenant. Yn guon lannen is de ekwivalinte rang by de loftmacht piloat-ofsier. De oansprektitel fan in luitenant-op-see 3e klasse is "mynhear" of "mefrou". De boppelizzende rang is luitenant-op-see 2e klasse, en de ûnderlizzende rang is adjudant. Dêrmei is luitenant-op-see 3e klasse de leechste subalterne ofsiersrang by de marine.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search