Main

Rin fan de Main mei sydrivieren
De Main yn Frankfurt
Utmûning fan de Main yn de Ryn

De Main is in rivier yn Dútslân dy't fan east nei west troch Noard-Beieren (Franken) en de Ryn-Main-Krite streamt. De rivier mûnet by Mainz yn de Ryn út en is 524 km lang (574 km, at de langste boarnerivier meirekkene wurdt).

De Main ûnstiet bit stedsje Kûlmbach út de gearrin fan de Reade Main (Roter Main) en de Wite Main (Weißer Main), dy't efterelkoar 50 en 41 kilometer lang binne. De Reade Main komt fan links en ûntspringt yn de Fränkische Alb en de Wite Main har boarne is yn it Fichtelberchtme. De grutste sydrivieren fan de Main binne dêrnei de Regnitz, de Frankyske Saale, de Tauber en de Nidda.

By Bamberg is it Main-Donaukanaal in keunstmjittige ferbining mei de Donau. It kanaal gie yn 1992 iepen en mûnet mei de Regnitz by Bamberg yn de Main út.

It trochsneed debyt by de mûning is 225 m³/s, wêrmei't de Main nei de Aare en Mûzel de grutste wetteroanfierder fan de Ryn is.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search