Massinissa

Massinissa
aadlik persoan en/of hearsker
Massinissa fan Numydje
Massinissa fan Numydje
nasjonaliteit Numidysk
bertedatum 238 f.Kr.
stjerdatum 148 f.Kr.
etnisiteit Massilysk
Kening fan de Massyljers
amtsperioade 206 f.Kr. - 202 f.Kr.
foargonger Gaïa
opfolger himsels as kening fan gâns Numydje
Kening fan Numydje
amtsperioade 202 f.Kr. - 148 f.Kr.
foargonger • himsels as kening fan de Massyljers
Syffaks, kening fan de Massesyljers
opfolger Misipsa

Massinissa, 238 f.Kr. - 148 f.Kr. wie de earste kening fan Numydje.

Ear't er kening wie focht er yn de Twadde Punyske Oarloch (218-201 f.Kr.) ynearsten as bûnsmaat fan Kartago tsjin de Romeinske Republyk, mar skeakele er yn 206 f.Kr. oer nei de kant fan Rome. Mei de help fan de Romeinen ferienige er de stammen fan eastlik en westlik Numydje, de Massyljers en Massesyljers ta it nije keninkryk Numydje. Hy is ferneamd om syn rôl yn de Slach by Sama yn 202 f.Kr. en as de man fan Sofonisba, in kartaachske ealfrou.

Hy hearske 54 jier lang oer Numydje oant er ferstoar yn de âldens fan likernôch 90 jier. Hy wie in krêftich lieder en wie in fêsthâldende bûnsmaat fan Rome. Hy moat wol 44 soannen hân hawwe.

De romeinske skriuwer Titus Livius skreau yn syn wurk Ab Urbe Condita fan 27-25 f.Kr. oer Massinissa en ek yn de Dream fan Skipio (Somnium Scipionis) fan Sisero komt er foar. Ek de Grykske skriuwer Polybius skreau oer him en sei dat er de "bêste kening fan alle keningen yn ús tiid" wie. Ek neamde er dat Massinissa fan Numydje fan in ûnproduktyf lân ta in lân mei in rike lânbou makke. It gebiet soe de "nôtskuorre fan Rome" wurde.

Syn namme waard yn syn tombe yn Sirta, it hjoeddeistich Konstantine yn Algerije, fûn ûnder MSNSN, dat lêzen wurde moat as Mas'n'sen, itjinge "Harren Hear" betsjut).

Massinissa wurdt sjoen as ien fan de grutste hearskers en in wichtich foarfaar fan de hjoeddeistige Berbers.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search