Moskou

Moskou
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Federaal distrikt Sintraal
Stedsyndieling 10 distrikten
Sifers
Ynwennertal 13.010.112 (2021)
Oerflak 2.561,5 km²
Befolkingsticht. 5.079,1 ynw./km²
Stêdekloft 17.400.000
Hichte 156 m
Oar
Stifting 1147
Postkoade 101000-129626
Tiidsône UTC +3
Koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
Offisjele webside
mos.ru
Kaart
Moskou (Jeropeesk Ruslân)
Moskou
Dizze side giet oer de Russyske haadstêd Moskou. Foar it buorskip Moskou yn Eaststellingwerf, sjoch: Moskou (Eaststellingwerf).

Moskou is de haadstêd fan de Russyske Federaasje. De stêd leit midden yn it Europeeske part fan Ruslân en hat goed 13 miljoen ynwenners.

De earste skriftlike boarne fan Moskou datearret fan 1147. Argeologysk ûndersyk wiist út dat der al sûnt de 11e iuw in stedske delsetting wie yn it gebiet fan it letter kremlyn. Moskou wie earder de histoaryske haadstêd fan it Grutfoarstedom Moskou, it Tsaardom Moskoovje, it Russyske Ryk, de Sovjet-Ruslân en de Sovjet-Uny.

De stêd is it politike, wittenskiplike en kulturele sintrum fan it lân mei universiteiten en in grut tal ynstituten, teäters, musea en keunstústallings. Yn it stedsgebiet steane de heechste wolkekliuwers fan Europa en de markante Sân Susters , lykas ek de 540 meter hege Ostankino-toer, it heechste bouwurk fan Europa.

Moskou is in populêr toeristysk sintrum fan Ruslân. It kremlyn fan Moskou, it Reade Plein, it Novodevitsji-kleaster en de Himelfeartstsjerke yn Kolomenskoje binne opnommen op de list fan UNESCO-wrâlderfgoedlokaasjes.

De stêd is de sit fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. De stêd telt hûnderten tsjerken en katedralen; wêrfan de Kristus-Ferlosserkatedraal de grutste is. It Danilov-kleaster is de residinsje fan de patriarch fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Dêrnjonken is de stêd in belangryk ferfiersknooppunt. Moskou hat 6 lofthavens, 10 treinstasjons, 3 rivierhavens en sûnt 1935 in metrosysteem.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search