Nashville (Tennessee)

Nashville
Emblemen
         
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Tennessee
County Davidson County
Sifers
Ynwennertal 601.222 (2010)
Oerflak 1.367 km² (ynkl. wetter)
1.305 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 464,9 / km²
Stêdekloft 1.726.693 (2012)
Hichte 182 m
Oar
Stifting 1779
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 36°10′00″N 86°47′00″W
Offisjele webside
www.nashville.gov
Kaart
De lizzing fan Nashville (read) yn Davidson County yn 'e steat Tennessee.

Nashville (útspr.: [ˈnæʃvɪl], likernôch: "nesj-wil") is de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Tennessee en teffens it haadplak fan Davidson County. It leit oan 'e rivier de Cumberland, yn it midden-noarden fan 'e steat, en stiet fral bekend om it grutte tal universiteiten dat der fêstige is, en om't it it sintrum fan 'e Amerikaanske country and western-muzyk is. Nashville is in konsolidearre stêd-county, wat sizze wol dat it stedsbestjoer fan Nashville ek it countybestjoer is fan it omlizzende Davidson County. Dy county omfiemet lykwols njonken Nashville ek noch seis oare, folle lytsere gemeenten, dy't op lokaal nivo selsbestjoer hawwe, lykas Belle Meade en Berry Hill. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Nashville as stêd doe goed 600.000 ynwenners en as stêd-county krapoan 627.000. Dêrmei is it de twadde stêd fan Tennessee, nei Memfis. As stêdekloft, mei alle foarstêden yn omlizzende countys derby, hie Nashville neffens in offisjele skatting út 2012 in befolking fan rom 1,7 miljoen minsken.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search