Noardwestlike Territoaria

Noardwestlike Territoaria
Northwest Territories (Ingelsk)
Territoires du Nord-Ouest (Frânsk)
Nunatsiaq (Inûynnaktûn)
ᓄᓇᑦᓯᐊᖅ (Inûktitût)
flagge wapen
gjin offisjeel biedwurd
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting NT
lân Kanada
status (jier) territoarium (1870)
haadstêd Yellowknife
grutste stêd Yellowknife
offisjele taal Ingelsk, Frânsk, Hûnsribsk,
Inûynnaktûn, Inûktitût,
Inûvialûktûn, Kry, Kûtsjin,
Noardlik Slavy, Súdlik Slavy,
Tsjippewaien
sifers
ynwennertal 41.462 (2011)
befolkingstichtens 0,04 / km²
oerflak 1.346.106 km² (ynkl. wetter)
1.183.085 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -7
webside www.gov.nt.ca

De Noardwestlike Territoaria (Ingelsk: Northwest Territories; Frânsk: Territoires du Nord-Ouest), ek wol ôfkoarte ta NWT (of yn it Frânsk ta TNO), foarmje ien fan 'e trije territoaria fan Kanada. It gebiet leit yn it noardwesten fan it lân, en heart ta de regio fan Noardlik Kanada. Foarhinne wie it folle grutter, mar tsjintwurdich is it mei 13,5% fan it nasjonaal grûngebiet wat oerflak oanbelanget it trêde gewest fan Kanada, nei it territoarium Nûnavût en de provinsje Kebek. De haadstêd fan 'e Noardwestlike Territoaria is Yellowknife, dat oan 'e Grutte Slavemar leit. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it territoarium doe krapoan 42.000 ynwenners, wat delkomt op 0,1% fan 'e totale befolking fan Kanada.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search