Noardwestsemityske talen

Noardwestsemityske talen
algemien
lokaasje westlike helte fan 'e
   Fruchtbere Healmoanne
tal talen ±42 (ynkl. deade talen)
tal sprekkers ±6,5 miljoen (2018)
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
   ● Semitysk
      ● Westsemitysk
         ● Middensemitysk
             ● Noardwestsemitysk
subgroepen Amoritysk
Arameeske talen
● ?Eteo-Syprioatysk
Kanaänityske talen
Samalysk
Temanitysk

De Noardwestsemityske talen binne in taalgroep dy't ta de Semityske talen heart. Dêrbinnen foarmje dizze talen yn 'e mande mei de Arabyske talen de Middensemityske talen, dy't yndield wurde by de Westsemityske talen. De Noardwestsemityske talen falle útinoar yn twa subgroepen, de Arameeske talen en de Kanaänityske talen, mei dêropta ferskate talen dy't binnen de groep isolearre binne, lykas it Amoritysk. De bekendste Noardwestsemityske talen binne it Hebriuwsk, Fenisysk, Arameesk en Syrysk. Alle útstoarne talen meirekkene binne der likernôch 42 Noardwestsemityske talen, dy't hjoed de dei mei-inoar sa'n 61/2 miljoen sprekkers hawwe.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search