Omgong fan Frankryk

Le Tour de France
holden yn Frankryk
data july
sport hurdfytsen
organisator Amaury Sport Organisation
earste edysje 1903
aktueel
Aktuele edysje Omgong fan Frankryk 2024
edysjes
foarrige edysje Omgong fan Frankryk 2023
folgjende edysje Omgong fan Frankryk 2025
Temaside  Sport

De Omgong fan Frankryk (Frânsk: Tour de France, ek wol Le Grand Boucle) is in wrâldferneamde hurdfytswedstryd yn Frankryk. Mei de Omgong fan Itaalje en de Omgong fan Spanje is it ien fan de saneamde Grutte Omgongen, de wichtichste en dreechste eveneminten fan it hurdfytsseizoen. De Omgong fan Frankryk jildt fan dy trije grutte omgongen as de earfolste wedstriid, en wurdt yn etappen troch gâns Frankryk fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is altiten yn Parys, sûnt 1975 leit de finishstreek op de Champs-Élysées. De earste edysje fan 'e Omgong fan Frankryk waard ferriden yn 1903. De koprinner yn it algemien klassemint draacht de Giele Trui. Njonken it algemien klassemint besteane der noch ferskate oare klasseminten, lykas it berchklassemint (mei de Boltsjestrui), it punteklassemint (mei de Griene Trui) en it jongereinklassemint (mei de Wite Trui).


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search