Realisme (keunststreaming)

Bonjour, Monsieur Courbet, 1854. Realistysk skilderij troch Gustave Courbet.

It realisme wie in streaming yn de 19e-iuwske byldzjende keunst, teäter en literatuer (sjoch: realisme (literatuer), dêr't yn stribbe wurdt nei it wjerjaan fan de maatskiplike wurklikheid. De streaming wie fral sterk yn Frankryk om it midden fan de iuw hinne en wurdt sjoen as reaksje op de Romantyk. Dêrneist hie it opkommende marksisme in wichtige ynfloed troch de gewoane arbeider sintraal te stellen. Utgongspunt fan de streaming wie in útspraak fan Baudelaire: "moatst yn dyn eigen tiid stean".


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search