Sisylje

Sisylje
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Palermo
Oerflakte 25.710
Befolking 5.087.000
Befolkingstichtens 198
Oare ynformaasje
Heechste punt Etna 3323
Oantal gemeenten 390
Provinsjes Agrigento, Kaltanissetta, Katania, Enna, Messina, Palermo, Ragusa, Sirakuse, Trapany
Lânskip op Sisylje

Sisylje (Italjaansk en Sisyljaansk: Sicilia, betsjut "it eilân mei de trije punten" (dat is teffens de namme fan de flagge), is in eilân en (sûnt 1947) in autonome regio fan Itaalje. It eilân leit yn de Middellânske See tusken de, op de Italjaanske fêstewâl lizzende regio Kalaabrje en Tuneezje yn Noard-Afrika. Súdlik fan Sisylje leit it lytse eilânsteatsje Malta.

Fierders hearre by Sisylje de Liparyske of Eolyske Eilannen, it eilantsje Ustika, de Egadyske Eilannen, it eilân Pantelleria en de Pelagysje Eilannen. Dy lêste twa eilannen lizze flak foar de kust fan Tuneezje en hearre geologysk besjoen ta it Afrikaansk kontinint.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search