Skip

Cruiseskip Queen Mary 2 yn 2004
Kontenerskip Colombo Express yn 2005
De Pioneering Spirit yn 2015
Dizze side giet oer it fartúch skip. Foar de haadromte yn in tsjerkegebou, sjoch: skip (tsjerke).

In skip is in ferfiermiddel oer it wetter. De skipsbou wurdt yn skipswerfen dien. It wichtichste prinsipe fan in skip is syn fermogen om op it wetter te driuwen. De romp is de basis fan it skip en jout it ferfiermiddel syn wettertichte konstruksje.

Fan alle ferfiermiddelen binne skippen it meast brûkt transportmiddel foar guod. Foar it ferfier fan passazjiers oer in langere ôfstân hat it fleantúch de taak fan it passazjierskip oernommen. Passazjierskippen wurde hjoed-de-dei benammen foar rekreative reizen en cruises brûkt.

Skippen op see wurde wolris as 'seeskippen' of 'seeweardige skippen' oantsjutten. Skippen yn ’e binnenfeart wurde gauris 'binnenfeartskippen' neamd.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search