Straasburch

Straasburch
Strasbourg
Katedraal fan Straasburch
Katedraal fan Straasburch
Polityk
Lân Frankryk
Regio Grutte Easten
Departemint Bas-Rhin
Boargemaster Roland Ries (2014-2020)
Sifers
Ynwennertal 277.270 (2015)
Oerflak 78,3 km²
Befolkingsticht. 3.486,3 / km²
Stêdekloft 780.515 (2015), 1.351,5 km2
Hichte 132–151 m
Oar
Stifting 12 f.Kr. as Argentoratum
Tiidsône CET (UTC +1)
Offisjele webside
Webside fan Straasburch
Place Kléber
Straasburch yn de 19e iuw
La Petite France
Straasburch yn 1493
De krante út 1609: Relation Aller Fuernemmen und gedenckwuerdigen Historien (1609).jpg

Straasburch (Frânsk: Strasbourg, Alemannysk: Strossburi, Dútsk: Straßburg) is de haadstêd en grutste stêd yn de Elzas en fan de nije gruttere regio Grand Est yn it noardeasten fan Frankryk. De stêd leit oan de Ryn, dy't de grins foarmet tusken Frankryk en Dútslân. De rivier de Ill is kreksa wichtich foar de stêd, om't it âlde sintrum tusken twa takken fan de rivier leit. De lêste 200 jier is Straasburch as gefolch fan strideraasjes yn 1681, 1870, 1918, 1940 en 1945 fan Dútske ta Frânske hannen oergien en earslings. Under dy oarloggen hat de stêd tige fan laat. Yn de stêd waard oarspronklik Dútsk-Elzassysk sprutsen, mar nei de oanhêldende ferfrânsking nei 1918 en benammen nei 1945 wurdt der no mear Frânsk as Dútsk sprutsen.
Straasburch is ferneamd om't it Jeropeesk Parlemint der ien fan de sitten hat en de Rie fan Jeropa is dêr thús. Ek it Jeropeesk Hof foar de Minskerjochten hat der syn sit. Ek is it in universiteitstêd.
It âldste part fan Straasburch, la Petite France, leit op it plak, dêr't de rivier de Ill him om it sintrum yn twaen splitst. It is it meast toeristyske diel fan de stêd. It meast ferneamde gebou yn it sintrum is de Katedraal fan Straasburch. It meast ferneamde plein yn de stêd is de Place Kléber, neamd nei Jean-Baptiste Kléber, in generaal yn de Frânske revolúsjonêre oarloggen. Straasburch is ferneamd om it grutte tal hûzen dy't yn fakwurk boud binne.
Der wenje 277.270 minsken (2015). De stêdekloft om Straasburch hinne telde sa'n 1.145.000 ynwenners, dêr't 780.515 yn it Frânske diel wennen (2015). It is in mulpunt fan de motor-, fiedsel-, tekstyl- en masinebou-yndustry.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search